"Boeren moatte ljocht nachts útdwaan yn de stâl"

18 maaie 2015 - 18:49

LTO Noard en de Miljeufederaasjes yn Fryslân en Grinslân hawwe ôfspraken makke om minder ljochtútstjit te krijen. In pear hûndert boeren litte nachts it ljocht oan yn de stâl en dat hat argewaasje fan gefolgen. Minder ljocht jout minder klachten, mar it is ek better foar de bisten, want dy hawwe ek ferlet fan tsjuster.

De boeren krije gjin regels oplein mei de nije ôfspraken. Se moatte harren bewust wurde fan de situaasje, en stimulearre en holpen wurde om de saak op te lossen. Dat dat kin hiel simpel en goedkeap: it ljocht gewoan útdwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)