Nij stadion foar Cambuur komt by WTC yn Ljouwert

18 maaie 2015 - 17:03

SC Cambuur en de gemeente Ljouwert wolle in nij stadion bouwe by it WTC Expo yn Ljouwert. Dat is niiskrekt bekend makke op in parsekonferinsje yn it Cambuurstadion. Foarsitter Ype Smid fan Cambuur en wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert diene it wurd. Beide partijen kieze der net foar om it besteande stadion oan it Cambuurplein te fernijen.

Nei goedkarring fan de ekspoitaasje moat it nije stadion yn 2018 klear wêze. Dan is Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa.

De gemeente hat de ûntwikkelers de opdracht jûn foar de plannen fan in nij stadion by it WTC Expo. De gemeente hopet dat it konsept 'bûlevaar mei winkels of sportfoarsjennings en oare betelle frijetiidsbesteging', sa't Cambuur dat foar eagen hat, helber is. Ien en oar mei net ta skea gean fan ûndernimmers yn de binnenstêd fan Ljouwert, bygelyks hoareka en bioskoopfoarsjennings. In bioskoop is net útsluten, mar dy mei gjin konkurrrinsje foarmje foar de besteande bioskopen yn Ljouwert.

It nije Cambuurstadion mei frijetiidsbûlevaar wurdt ûntwikkele nei foarbyld fan it stadion fan Roda JC yn Kerkrade. De totale ynvestearring leit om de 45 miljoen hinne. Haadsponsor fan Cambuur boubedriuw Dijkstra Draisma út Dokkum sil it nije stadion bouwe. Opfallend is dat it bedriuw der ek risikodragend yn meidocht. Direkteur Biense Dijkstra seit dat harren oandiel nei alle gedachten 50/50 wêze sil mei de betinker fan it bouplan Wyckerveste út Kerkrade.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur stadion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)