Oranje-fuotbalsters moetsje keningspear yn Kanada

18 maaie 2015 - 15:54

De Nederlânske fuotbalfroulju mei dêrby de Friezinnen Loes Geurts en Sherida Spitse treffe nije wike freed de kening en de keninginne. It Nederlânske frouljusfuotbalteam is dan al yn Kanada foar it WK. De kening en de keninginne binne der dan foar in steatsbesite.

De fuotbalsters en it keninklik pear treffe elkoar yn Toronto. Oranje, mei Loes Geurts en Sherida Spitse, docht foar it earst mei oan it WK. De froulju spylje op 6 juny de earste wedstriid, tsjin Nij-Seelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)