Fryske Keamerleden wolle fertraging fearboat op aginda sette

18 maaie 2015 - 13:50

De Fryske Keamerleden Lutz Jacobi (PvdA) en Aukje de Vries (VVD) wolle dat de problemen mei de fargeul tusken It Amelân en Holwert yn de Twadde Keamer bepraat wurde. Yn in saneamd rûnetafelpetear kin de Keamer mei de belutsen partijen, de gemeente It Amelân, rederij Wagenborg en Rykswettersteat sjen oft der oplossings komme kinne foar de fertragings fan de farferbining.

Neffens Jacobi en De Vries is der yn de Twadde Keamer al in spoeddebat as de treinen net op 'e tiid ride, mar liket it al hast normaal as de boat te let komt.

Oer de problemen mei de fargeul wurdt al tsien jier praat. Okkerdeis kundige steatssekretaris Mansveld wer in nij ûndersyk oan dat yn 2016 bekend wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)