PvdD wol opnamen meitsje fan fergassen guozzen

18 maaie 2015 - 12:58

De Partij voor de Dieren Fryslân wol dat it fergassen fan guozzen filme wurdt en dat der ek lûdsopnamen makke wurde. Sa kin elkenien sjen hoe't besocht wurdt it oantal guozzen yn 'e stringen te hâlden. De partij is tsjin dizze oanpak en wol dat boeren oergean op gers mei mear krûden, want dat betsjut minder fretten foar guozzen. It tal guozzen soe dan fansels weromrinne moatte.

Sûnt juny wurdt it mooglik om guozzen te fergassen. It Fryske Gea wol dat mei help fan de provinsje dwaan by de Alde Feanen.

De maatregel makket diel út fan in oerienkomst tusken boeren, natoerorganisaasjes en de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)