Nij stadion of ferbou foar Cambuur, moandei dúdlikens?

18 maaie 2015 - 12:39

It liket derop dat moandei dúdlik wurdt wêr't it nije stadion fan SC Cambuur komme sil. Dat wurdt ferbou en nijbou op it besteande plak, of komplete nijbou by it WTC-Expo. Dy lêste mooglikheid wurdt it meast wierskynlik achte.

Cambuur makket moandeitemiddei om fiif oere tegearre mei de gemeente Ljouwert offisjeel it nijs bekend op in parsekonferinsje. Dêr sille Cambuurfoarsitter Ype Smid en ferantwurdlik wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert it wurd dwaan.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur stadion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)