Nij kolleezje Deputearre Steaten wurdt woansdei ynstalleard

18 maaie 2015 - 10:25

De leden fan it kolleezje fan Deputearre Steaten wurde woansdeitemiddei ynstalleard yn in ekstra steategearkomste. Dan sil der ek diskusjearre wurde oer it koälysje-akkoart 2015-2019. Ek wurde der nije steateleden beneamd op de plakken dy't frijkomme no't it nije kolleezje ynstalleard wurdt. Nei ôfrin is der in resepsje yn de publykshal.

Woansdeitemoarn is der earst ek in reguliere steategearkomste. De wurklist en gearkomstestikken steane op www.fryslan.nl/ps. De gearkomsten binne live te folgjen fia http://fryslan.stateninformatie.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)