Jûnsfjouwerdaagse op 'e fyts set útein yn Snits

18 maaie 2015 - 07:12

Foar it earst yn 10 jier set moandeitejûn yn Snits de fyts-jûnsfjouwerdaagse wer útein. Dielnimmers fytse de kommende fjouwer dagen alle dagen in rûte fan sawat 22 kilometer. Dit jier rinne de rûtes yn Súdwest-Fryslân, mar takom jier kinne de dielnimmers ek troch oare gemeenten fytse. Dat kin dit jier noch net om't it foar de organisaasje dreech wie om de fergunnings op tiid rûn te krijen.

De start is op it Schuttersveld. De organisaasje is yn hannen fan frijwilligers fan de ôfdieling Súdwest-Fryslân fan it Fytsersbûn.

Sjoch ek op www.fietsavondvierdaagse.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)