SC Cambuur beslút seizoen mei ferlies tsjin Willem II

17 maaie 2015 - 16:32

SC Cambuur hat it seizoen snein ôfsletten mei in 2-1 ferlies tsjin Willem II. De Ljouwerters begûnen yn eigen stadion fol fjoer oan de wedstriid. Narsingh en Van de Streek wiene tichtby de Ljouwerter iepeningstreffer. Yn de 35e minút namen de gasten út Tilburg lykwols tsjin de ferhâldings yn de lieding.

Fuort nei rêst fersulvere Willem II in strafskop en pakte sa in rommere foarsprong. Yn de 85e minút tekene Erik Bakker mei in strafskop foar de oanslutingstreffer en dat soarge foar nije kriich. Fierder kamen de Ljouwerters lykwols net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)