SC Hearrenfean ûnderút tsjin FC Twente

17 maaie 2015 - 16:28

SC Hearrenfean ferlear snein de lêste wedstriid fan it reguliere seizoen mei 3-1 fan FC Twente. Yn it eigen stadion sette Luciano Slagveer de Feansters al nei 22 sekonden spyljen op foarsprong. De thúsploech krige de bêste kânsen op de 2-0, mar fersomme de marzje te ferromjen.

Yn trije minuten tiid joech Hearrenfean de wedstriid lykwols hielendal út hannen. Ald-Hearrenfean spiler Hakim Ziyech sette FC Twente yn de 72e minút op 1-1 en makke rap dêrnei ek de twadde treffer. Engelaar smiet de wedstriid mei it tredde Twenske doelpunt yn it slot.

SC Hearrenfean einiget troch it ferlies op it sânde plak en kin him opmeitsje foar de play-offs foar Europeesk fuotbal. Yn de play-offs nimme de Feansters it op tsjin Feyenoord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)