LDODK wer stap tichteby play-offs nei winst op Nic

17 maaie 2015 - 16:18

De kuorballers fan LDODK wûnen snein mei 12-10 fan Nic en binne dêrtroch noch altyd op koers foar de play-offs. Yn Grins stie der by rêst noch in 6-5 foarsprong foar de Grinzers op it boerd. Yn de twadde helte naam de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de lieding oer by 8-9. By 10-12 miste Nic in stip wêrtoch't it gatsje fan twa punten stean bleau.

Troch de oerwinning op Nic hat LDODK play-offs noch altyd yn eigen hân. In punt tsjin degradaasjekandidaat OVVO is genôch foar pleatsing.

In klasse leger ferlear SCO mei 15-11 fan Groen Geel.

Trefwurden: 
kuorbal De Gordyk LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)