Jannick de Jong wint gersbaanrace op De Jouwer

17 maaie 2015 - 14:13

Gersbaankoereur Jannick de Jong fan De Gordyk hat sneon de wedstriid om it iepen NK gersbaan op De Jouwer wûn. It poadium wie folslein Frysk, want Dirk Fabriek einige as twadde, folge troch Henry van der Steen fan Aldebiltsyl.

Ek by de sydspannen wie der Frysk suskes. Dêr gong de winst nei William Matthijssen en Nathalie Stellingwerf fan Tsjummearum.

De wedstriid op De Jouwer wie de tredde wedstriid út de searje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)