SC Cambuur lit Lucas Bijker bûten de seleksje

17 maaie 2015 - 13:49

Cambuur-ferdigener Lucas Bijker ûntbrekt snein yn de seleksje foar de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin Willem II. Bijker hie de training fan freed al net ôfmakke, om't er te krijen hat mei in blessuere. Dy hat er oprûn yn de wedstriid tsjin Ajax fan ferline wike. De ferwachting wie al dat de ferdigener net yn de basis starte soe, mar hy ûntbrekt no hielendal.

Bijker makket kommende wike sa goed as wis de oerstap nei konkurrint SC Hearrenfean en dat leit gefoelich by in diel fan de Cambuur-fans.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)