Harkemase Boys wint spannende bekerfinale

16 maaie 2015 - 18:53

Harkemase Boys wûn sneon foar de sechsde kear de noardlike distriktsbeker. Yn in spannende finale wienen de Harkiten mei 4-3 te sterk foar Staphorst. Op De Bosk kaam Staphorst betiid op 0-1. Joram Smits tekene rap foar de 1-1.

Nei rêst naam Staphorst op 'e nij de lieding. Klaas Schotanus soarge in minút letter foar de lykmakker, mar koe net lang feest fiere want fuortendaliks makken de gasten de 2-3. Heine Uuldriks soarge mei de 3-3 foar nije kriich. Twa minuten foar de ein krige Johnsen Bacuna it publyk op de banken mei de winnende treffer.

De Harkiten wûnen de beker al fiif kear earder. De lêste kear wie yn 2013.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)