Brân yn studintewente Ljouwerter binnenstêd falt ta

16 maaie 2015 - 12:27

Yn de Ljouwerter binnenstêd bruts sneon tusken de middei brân út yn in studintewenning oan de Alde Easterstrjitte. Fanwege de gefoelige lokaasje yn de binnenstêd rukte de brânwacht fuortendaliks grut út. De brânwacht gie it hûs yn en koe al gau de konklúzje lûke dat der gjin minsken yn 'e hûs wiene.

De brânskea liket ta te fallen. It giet neffens de brânwacht mear om reek as om brân. De oarsaak fan de brân is neffens de brânwacht nei alle gedachten koartsluting yn in stopkontakt.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)