Berltsumer frachtweinsjauffeur mei drank trapearre

16 maaie 2015 - 10:45

In 56-jierrige man út Berltsum is freedtemiddei syn rydbewiis kwytrekke, omdat hy dronken achter it stjoer fan syn frachtauto siet. De man waard op de A7 by Wieringerwerf oanhâlden en de plysje konstatearre dat hy hiel bot nei drank rûkte. It slagge de man net om te blazen en dêrom waard hy meinaam nei it buro foar in test. Dy wiisde út dat hy fjouwer kear safolle alkohol yn it bloed hie as tastien is.

De sjaufeur hat in bekeuring krigen en moast syn rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)