Harry en Romke Kooyenga binne nei 20 jier útelkoar

16 maaie 2015 - 09:06

De bruorren Harry en Romke Kooyenga binne útelkoar. De Kooyenga's wiene hast 20 jier partners yn de de Dokkumer Kooyenga Groep. It bedriuw, dat him benammen dwaande hâldt mei detasjearring fan personiel by oerheden, groeide yn dy jierren út ta in lanlik operearjende ûndernimming mei hûnderten meiwurkers. Harry Kooyenga hat him no, nei in perioade fan sykte, weromlutsen út de Kooyenga groep en is foar him sels begûn.

In lang petear mei Harry Kooyenga oer syn sykte, de breuk mei Romke en syn nije bedriuw, snein yn Buro de Vries op de radio.

Trefwurden: 
Dokkum Buro de Vries Kooyenga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)