Kennissintrum warskôget foar oerlêst troch ikeprosesjerûp

16 maaie 2015 - 08:54

Nije wike moatte we wer rekken hâlde mei oerlêst troch de ikeprosesjerûp. De bistjes ferlieze dan nammentlik de brânhierren en dy kinne by minsken en bisten soargje foar jokte, ûntstutsen eagen en sels foar koarts en longûntstekking. It Kennissintrum Ikeprosesjerûp tinkt dat der dit sizoen mear rûpen wêze sille en dat de oerlêst lang duorje kin. Dit komt troch de sachte winter.

It sintrum warskôget dat gemeenten dit jier krekt net besunigje moatte op de bestriding fan de rûpen, want oars wurdt de oerlêst takom jier noch grutter.

Trefwurden: 
oerlêst ikeprosesjerûp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)