Kat komt om by brân yn Sumar

16 maaie 2015 - 08:29

Yn Sumar is sneontemoarn in garaazje oan de Lytse Buorren folslein útbaarnd. Yn de garaazje stie in auto. De bewenners misse in jonge kat; dy is by de brân om it libben kommen. De brân waard om healwei seizen ûntdutsen. Ien fan de bewenners dy't boppe de garaazje sliepte, moast út it rút springe. De brânwacht koe foarkomme dat de brân oersloech nei de wenning en in oare garaazje.

De wenning hat wol reek- en wetterskea oprûn. De garaazje gie folslein ferlern en dat jildt ek foar de auto dy't der yn stie.

Trefwurden: 
brân Sumar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)