Auto fljocht ferskate kearen oer de kop yn Ljouwert

15 maaie 2015 - 18:30

In auto is freedtemiddei by in ûngelok op de Grinzerstjitwei yn Ljouwert ferskate kearen oer de kop flein en by de gevel fan de Formido ta stilstân kommen. De bestjoerster is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De frou ried Ljouwert yn en skeat troch ûnbekende oarsaak de oare rydbaan oer. Se rekke krekt gjin bus dy't foarby ried.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok Formido
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)