Roeister HT-race fan board helle

15 maaie 2015 - 17:40

By de HT-race tusken Harns en Skylge is freedtemiddei ien roeister troch de KNRM fan board helle. Se waard net lekker troch in izertekoart. Fierder ha alle boaten de race útfearn. It waar wie goed. Allinnich it lêste stik op it Schuitegat wie swier, omdat de streaming dêr tsjin stie. De lêste dielnimmer kaam 5 oeren nei de start binnen. Sneontejûn wurdt yn de feesttinte de offisjele útslach bekendmakke.

Trefwurden: 
Harns Skylge HT-race
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)