Gerard van der Schraar wint sinneboatrace Akkrum

15 maaie 2015 - 16:19

Gerard van der Schraar hat mei it Clafis Private Energy team freed de tredde edysje fan de Eneco Sinneboatrace wûn. Yn twa oeren en fjouwer minuten hat er mei syn sinneboat de rûte fan 50 kilometer ôflein. Fyftjin teams diene mei oan de race, dy't sûnt 2013 yn Akkrum hâlden wurdt. De race giet fan Akkrum nei Grou en oer de Snitsermar wêrom.

De nûmers twa en trije kamen op twintich minuten fan de winner binnen.

Freedtemoarn wie it wat bewolkt en dêrtroch wiene de snelheden leger en moasten boaten in pear kear oan de kant lizze.

Sneon binne der ek noch wedstriden. Dan is der it 'Rondje Akkrum' as ûnderdiel fan de 'Reuzedei'. Se moatte yn oerdel oere sa faak mooglik om Akkrum hinne farre. Dêrnei is der noch in sprintwedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)