Sam Larsson noch altyd ûnwis

15 maaie 2015 - 15:38

Hearrenfeanspiler Sam Larsson hat dizze wike wol wer meitraind, mar it is noch ûnwis oft de linksbûten snein meidwaan kin yn de wedstriid tsjin FC Twente. Ferline wike rûn Larsson in blessuere op oan syn knibbel. Ek it meispyljen fan Mark Uth is ûnwis. Uth krige ferline wike mei de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles in tik op syn foet en hat dizze net folslein meitraind. Marten de Roon hat wol folslein meidien, neidat hy ferline wike útfoel tsjin Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)