6.000 bern helje Bear Boeloegebakje by de bakker

15 maaie 2015 - 15:17

De jubileumwike fanwege it 20-jierrich bestean fan Bear Boeloe is in grut súkses wurden. Yn de feestwike yn april koene alle bern by de pleatslike bakker in spesjaal Bear Boeloegebakje krije. Mei-inoar hawwe rûnom yn Fryslân hjir sa'n 6000 bern gebrûk fan makke. In bakker yn Ljouwert spande de kroan. Dêr kamen mar leafst 600 bern del foar in gebakje.

It jubileumjier bestiet net allinnich út it útdielen fan gebakjes. Sa is der de kommende moannen in spesjale Bear Boeloe-eksposysje yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert.

Ek wurdt der hurd wurke oan nije ôfleveringen fan it populêre berneprogramma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)