Heit siket alve jier om befallingsfoto's fan syn soan

15 maaie 2015 - 14:24

It is al alve jier lyn, mar Hessel de Haan fan Nes (Akkrum) hat it der noch altyd dreech mei. De foto's dy't er makke doe't syn soarn berne waard, binne der net mear. Fuort nei de befalling is syn kamera stellen, mei dêrop de foto's dy't foar him o sa wichtich binne. Hy soe se graach werom ha wolle.

Doe't de kamera út it sikehûs stellen waard, hat de Omrop hjir ek al omtinken oan jûn, mar dat hat doe gjin fertuten dien. Dizze wike besiket De Haan it op 'e nij, mei in oprop op Facebook. Dy is al 10.000 kear dield.

Oft De Haan hjirmei de befallingsfoto's ek weromkrijt bliuwt ôfwachtsjen. Sels tinkt er dat dy kâns minimaal is.

De kans dat dit lukt is minimaal, maar ik ga het toch proberen want ze zeggen dat wonderen bestaan (retweet zou geweldig...

Posted by Hessel de Haan on Tew's Day, Month o' May 12, 2015

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)