Ljouwerter oanholden foar stellerij tas

15 maaie 2015 - 14:03

In 25-jierrige Ljouwerter is tongersddeitemiddei op it Saailân oanholden omdat hy in tas stellen hie. De plysje waard troch omstanners oansprutsen dat tsjûgen efter de dieder oan sieten. De fertochte hie yndie de stellen tas by him.

Fuort dêrnei melde in 31-jierrige man út Vriezenveen him by de plysje. Hy ferklearre dat it syn tas wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)