Yntegriteit nije deputearren kritysk besjoen

15 maaie 2015 - 14:00

De nije deputearren wurde noch foardat se oan it wurk geane kritysk hifke op harren yntegriteit. Seis fan de tolve provinsjes hawwe hjir in ûndersyksburo foar ynskeakele. Dit buro screent no foar it earst deputearren op harren yntegriteit. Fryslân heart by de seis provinsjes dy't gebrûk makket fan de tsjinsten fan it buro. De oare provinsjes dy't dit ek dogge binne Noard-Hollân, Limboarch, Seelân, Gelderlân en Noard-Brabân.

De ûndersikers ha fan de deputearren in 'risickoscan' makke op basis fan in djipte-ynterview.

Fierder wurdt besjoen oft en hoe't de deputearren foarkomme yn iepenbiere boarnen. Yn guon provinsjes wurdt ek neigien oft de kandidaat-deputearren bekend binne by kredykregistraasjeburo BKR.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)