Trio fernielt scooter oan Rengersleane Ljouwert

14 maaie 2015 - 14:49

Trije jonges út Ljouwert fan 14 en 15 jier binne woansdeitejûn yn de Prinsetún oanholden foar fernielings. De jonges soene mei noch in fjirde persoan in scooter fernield hawwe op de Rengersleane. Mooglik woene se de scooter stelle. In tsjûge seach de jonges dwaande, fertroude de saak net en warskôge de plysje. Yn de Prinsetún waarden trije fan fjouwer jonges oantroffen en oanhâlden.

Trefwurden: 
Ljouwert scooter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)