Friezinne om utens dy't Frysktalige oanrin socht is stoarn

14 maaie 2015 - 13:25

Tine van der Zee út Ugchelen dêr't koartlyn Fryskpratende besite foar socht waard, is ferstoarn. Tine van der Zee-de Jong waard yn Fryslân berne, mar ferhuze letter nei Gelderlân. Dêr wenne se de lêste jierren yn in fersoargingshûs, omdat se demint waard. Troch dy sykte begûn se hieltyd faker wer Frysk te praten. Har soan die dêrom in oprop oan Fryskpratende minsken om by har op besite te gean. Dêr reagearren sa'n 100 minsken op.

Troch in útbraak fan it noro-virus yn it fersoargingshûs hat mar in lyts diel fan har ek echt op besite west.

Frou Van der Zee soe oer oardel wike har 83e jierdei fiere, dêr wie de oranjekoeke al foar besteld.

Trefwurden: 
Tine van der Zee Ugchelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)