Deade en swier ferwûne by ûngelok Hoarnstersweach

13 maaie 2015 - 23:04

By in ûngelok op de Bij de Leijwei yn Hoanstersweach is woansdeitejûn in 49-jierrige man út it Grinser Winsum om it libben kaam. Syn 44-jierrige frou rekke swier ferwûne en is oerbrocht nei it ûniversitêr sikehûs yn Grins. Har situaasje is noch altyd krityk. De man en de frou kuieren lâns de dyk mei harren soan fan 18 en twa freonen fan de soan út Zoutkamp en Wetsinge, doe't se oanriden waarden troch in 20-jierrige automobilist út Akkrum.

Hoe't dat gebeure koe wurdt noch ûndersocht. De automobilist is oanhâlden troch de plysje.

Ut in blaastest docht bliken dat de man út Akkrum net dronken hie. De man sit noch wol fêst. Undersyk moat útwize wat de oarsaak is fan it ûngelok. De slachtoffers wiene yn Hoarnstersweach foar it Oldtimerfestival dat dêr tongersdei holden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)