Problemen by oanlis Drachtsterwei yn Ljouwert

13 maaie 2015 - 21:46

Ferkear kin foarerast noch net oer de nije Drachtsterwei yn Ljouwert. Doel wie om de nije dyk nei it pinksterwykein yn gebrûk te nimmen, mar út ûndersyk docht bliken dat it wetterpeil ûnder de dyk heger is as ferwachte. Omdat dat gefolgen hawwe kin foar de kwaliteit fan de dyk, moat der no earst mear ûndersyk dien wurde. De dyk jout tagong ta it noch oan te lizzen akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch.

De ôfsluting fan de Drachtsterwei yn it pinksterwykein giet no ek net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)