Plysje: dea famke (1) út Appelskea gjin misdriuw of ûngelok

13 maaie 2015 - 21:29

It famke fan ien jier âld út Appelskea dat woansdei dea fûn waard, is net ferstoarn oan de gefolgen fan in misdriuw of ûngelok. Dat hat de plysje nei ûndersyk bekend makke. Dat ûndersyk waard dien yn in hûs oan de Mensingestrjitte yn Assen, dêr't it famke op besite wie.

Omdat der net sprake is fan in misdriuw of ûngelok is de saak foar de plysje ôfhannele. Dy docht fierder ek gjin meidielings mear oer de dea fan it famke.

Trefwurden: 
assen famke dea Appelskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)