Gemeentlike draachspjelde foar Harnzer riedslid Van Dijk

13 maaie 2015 - 21:08

It Harnzer riedslid Wiebe van Dijk hat in gemeentlike draachspjelde krigen. Boargemaster Roel Sluiter rikte dy spjelde woansdeitejûn by de riedsgearkomste út omdat Van Dijk al 25 jier yn de ried sit. Hy kaam dêr yn 1990 mei foarkarstimmen yn, neidat er troch de PvdA op in ûnferkiesber plak set wie. Neffens boargemaster Sluiter is Van Dijk in tige tagonklik riedslid, dêr't in soad Harnzers gehoar by fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)