Tink om oerstekkende otters yn Weststellingwerf

13 maaie 2015 - 19:42

De gemeente Weststellingwerf pleatst nije wike buorden dy't warskôgje foar de oanwêzigens fan otters. De buorden komme te stean lâns toeristyske rûtes yn natuergebiet De Rottige Meente. Yn dat gebiet sit in lytse populaasje otters. Geregeld wurdt ien fan harren deariden troch ferkear. De gemeente hopet dat mei de buorden yn de takomst foar te kommen.

Mei-elkoar komme der fjouwer buorden te stean. Neist de gemeente is ek Steatsboskbehear dêrby belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)