Lêste wike foar poppoadium Romein

13 maaie 2015 - 19:33

Poppoadium Romein yn Ljouwert giet oer goed in wike definityf ticht. Op 22 en 23 maaie stean de lêste twa jûnen op it program. Op freed 22 maaie trede in soad pleatslike helden op en binne der ferskate ferrassings-acts. De oare deis, sneon 23 maaie, is der ûnder oare de wedstriid Kleine Prijs van Fryslân en De Nacht fan Romein.

Nei de simmer giet de popprogrammearring oer nei it nije poppoadium Neushoorn. De nijbou yn it Harmoniekertier is letter klear as de bedoeling wie. De earste konserten dêr fine yn oktober plak.

It oare poppoadium yn Ljouwert, Asterix, is yn it wykein 22 en 23 maaie ticht "om Romein út te swaaien by harren ôfskiedswykein", sa melde se op twitter.

Trefwurden: 
poppoadium Romein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)