Hassan net nei Harkemase Boys, mar nei beloften Cambuur

13 maaie 2015 - 19:14

De oankundige oerstap fan Drachtster Boys-spiler Said Hassan nei Harkemase Boys giet net troch. De 22-jierrige middenfjilder giet yn stee dêrfan nei de beloften fan Cambuur.

Hassan tekene in pear wilen ferlyn in kontrakt fan twa jier by Harkemase Boys. Yn goed oerlis mei de klup is besletten dêr fanôf te sjen. Hy soe fan 't simmer de oerstap nei De Harkema meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)