Farrende meiwurkers Wagenborg freed yn staking

13 maaie 2015 - 14:34

It farrend personiel fan Wagenborg Passagiersdiensten giet no freed yn staking. Troch de aksjes sil de fearboat fan It Amelân nei Holwert om healwei tsienen mei fertraging ôfsette. Op it parkearplak by de Amelanner pier komt in spesjale aksjetinte. Personiel fan Wagenborg dat meidocht oan de staking kin him dêr melde.

Neffens de fakbûnen bliuwt it doel dat de boatgasten sa min mooglik lêst hawwe fan de aksjes. It personiel giet yn staking, omdat se mear lean wolle no't se gjin ekstra jild mear krije foar wykeintsjinsten.

De meiwurkers kinne harren ek net langer fine yn de tanimmende wurkdruk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)