Keatser Cornelis Terpstra ferliest koart pleit

13 maaie 2015 - 14:14

Keatser Cornelis Terpstra hat it koart pleit tsjin keatsbûn KNKB ferlern. De keatser wol mei syn eigenmakke want keatse, mar it bûn wol dat net lije. Terpstra hat in koart pleit oanspand om it bûn te twingen him ta te litten mei syn eigen want. De rjochter hat dit fersyk ôfwiisd. Wat de oerwagings fan de rjochter binne is noch net dúdlik.

"Ik moat hiel earlik sizze, ik hie gjin rekken holden mei dizze útkomst", seit Cornelis Terpstra yn in earste reaksje. Hy sil no earst mei syn team oerlizze oft er dit jier noch wol keatse sil.

Earder sei Terpstra noch dat er mei in oare want net keatse soe. Op 1 jannewaris 2016 giet de merk foar it meitsjen fan wanten iepen. Dan kin Terpstra wol mei syn eigen want keatse. Oant dy tiid binne der mar trije wantemakkers dy't sertifisearre wanten meitsje meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)