Nij toiletgebou iepene oan de Turfrûte op De Gordyk

13 maaie 2015 - 14:01

Boatsjefarders dy't de Turfrûte dogge, kinne tenei op 'e Gordyk nei it húske en ûnder de dûs. By de Kalkovens stiet in nij sanitêrgebou. De foarsjenning is ûnderdiel fan opwurdearring fan de toeristyske Turfrûte en it Fryske Marreprojekt. It nije gebou waard woansdei iepene.

De feestlike iepening betsjut tagelyk de ein fan de grûnsanearring fan de Nije Feart op 'e Gordyk troch Wetterskip Fryslân. Dêr is fersmoarge grûn fuorthelle en in min stik daamwand ferfongen.

Wethouder Sietse Derks fan de gemeente Eaststellingwerf iepene woansdei op De Gordyk it farseizoen fan de Turfrûte. Wethâlder Rob Jonkman fan de gemeente Opsterlân naam it nije húske-brûs-gebou by de Kalkovens offisjeel yn gebrûk. Hy droech it behear oer oan de Stichting Passentehaven De Gordyk. Deputearre Jannewietske de Vries iepene it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)