Jong SC Hearrenfean ferslaat Jong Almere City op eigen fjild

12 maaie 2015 - 22:25

De beloften fan Sportklup It Hearrenfean hawwe tiisdeitejûn yn Almere mei 5-3 wûn fan Jong Almere City FC. Binnen tweintich minuten tiid stie de Fryske sportklup al mei 3-0 foar. Pelle van Amersfoort skreau alle goals op syn namme. Krekt foar de rêst skoarde Ravalino Junte noch in goal foar Jong Almere City FC.

Nei de rêst, yn de 68e minút soarge Ait Afkir foar de 2-3. Yn de 74e minút makke Maarten Davids it spannend op it fjild troch de 3-3 te meitsjen. Nei it lykspul herstelde It Fean him wer fan in mindere perioade.

Yn de 75e minút makke Szabolcs Varga de 3-4 en trije minuten letter makke Pelle van Amersfoort mei in strafskop de lêste goal. De beloften spylje nije wike tsjin VVV/Helmond Sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)