Fuotbalferiening DWP nei riedsgearkomste foar keunstgers

12 maaie 2015 - 15:45

Leden fan fuotbalferiening De Wite Peal, DWP yn Sint-Jânsgea, sille tiisdeitejûn manmachtich nei in riedsgearkomste fan de gemeente De Fryske Marren. Se wolle dêr dúdlik meitsje dat se hiel graach in keunstgersfjild ha wolle.

De feriening sit al jierren mei minne fjilden. De gemeente moat hieltiten wer in soad jild stekke yn in opknapbeurt, mar dat lost it probleem net op, seit DWP. De klup makket him soargen, omdat ek de Jouster hockeyklup in keunstgersfjild ha wol en dy foarrang liket te krijen boppe DWP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)