GGD Fryslân ûndersiket iepen tuberkuloaze yn Dantumadiel

12 maaie 2015 - 15:33

GGD Fryslân is op it stuit dwaande mei in ûndersyk nei iepen tuberkuloaze yn Dantumadiel. By in froulike ynwenner fan dy gemeente is ferline wike tbc konstatearre. Se wurdt dêrfoar no behannele.

De direkte omjouwing fan de pasjint is ûnderwilens op de hichte brocht. De GGD giet nei mei hokker persoanen de frou mear yn kontakt west hat. Minsken dy't mooglik besmet rekke binne wurde troch de GGD previntyf behannele om tbc foar te kommen.

Trefwurden: 
Dantumadiel TBC GGD Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)