Les fan ATF-brân: reek is altyd gefaarlik

12 maaie 2015 - 12:38

De belangrykste les fan de ATF-brân is dat reek altyd gefaarlik is foar de sûnens. Oft it no om in gemyske brân of in natuerbrân giet, der sitte altyd giftige stoffen yn dêr't minsken siik fan wurde kinne. Dat seit Frans Greven, toksikolooch en lieder fan it ûndersyk dat dien is nei de gefolgen fan de brân foar de omjouwing. It is 15 jier lyn dat de brân west hat. Pas letter waarden de sûnensklachten dúdlik.

De ATF brân wurdt ek wol 'de fergetten brân' neamd, omdat in dei letter de fjoerwurkramp yn Enschede alle oandacht opeaske.

Der is ien plak yn Drachten dêr't taksysjauffeur Andries Pieterson net mear komme wol: it plak dêr't ôffalferwurker ATF yn flammen opgie. Hy wie doe dêr yn de buert oan it wurk as elektromonteur en stie mei syn kollega's op in dak nei de brân te sjen. Der kamen grutte reekwolken oer in grut stik fan de omjouwing.

Achterôf hat út ûndersyk bliken dien dat de sûnensklachten fan guon minsken it gefolch binne fan de ATF-brân. Dy hawwe ek in skeafergoeding krigen. Andries Pieterson is ien fan harren. Troch astma koe er net langer wurkje yn de bou, en is hy no taksysjauffeur.

Trefwurden: 
Drachten reek ATF-brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)