Agressive froulike dief byt en stompt winkelpersoniel

12 maaie 2015 - 11:59

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemiddei in 25-jierrige frou oanhâlden foar winkelstellerij mei geweld. De frou sûnder fêst wenpak naam yn in winkel oan de Foarstreek guod mei yn in anty-ynbraakalarmtas. Twa meiwurksters sprutsen har dêrop oan en der ûntstie in wrakseling. Dêrby is ien fan de meiwurksters biten, wylst har kollega in stomp mei de earmtakke yn it gesicht krige.

In tsjûge grypte yn en wist de frou fêst te hâlden oant de plysje kaam. De frou sit noch fêst foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)