Tsjongerskâns hat nij protokol omgean mei bernemishanneling

12 maaie 2015 - 11:46

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean hat it karmerk 'meldkoade bernemishanneling en húslik geweld' krige. De lanlike fakgroep bernemishanneling hat it protokol dat it sikehûs brûkt, ûndersocht en dat foldocht oan de easken.

De Tsjongerskâns hat bernemishanneling en húslik geweld ûnderbrocht by it medysk maatskiplik wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)