Kai Heerings tekenet kontrakt by Cambuur

12 maaie 2015 - 11:01

Kai Heerings tekenet tiisdei in kontrakt by SC Cambuur. De 25-jierrige sintrale ferdigener is ôfkomstich fan FC Utrecht dêr't er de lêste moannen gjin basisplak mear hie. Heerings wurdt sjoen as de ferfanger fan Lucas Bijker dy't by Cambuur weigiet.

Heerings moat noch medysk keurd wurde. As dat goed ferrint, wurdt er nei alle gedachten tiisdei al presinteard by Cambuur. It giet om in kontrakt fan in jier, mei in opsje op noch in jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)