Bekerfinale Harkemase Boys live by Omrop Fryslân

12 maaie 2015 - 09:57

De bekerfinale Harkemase Boys-Staphorst is sneon streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Harkemase Boys wûn de noardlike beker earder yn 2006, 2007, 2009, 2011 en 2013. De ôftraap op sportpark De Bosk is no sneon om 17.00 oere. De televyzje begjint om 16.45 oere mei de útstjoering, de radio is al earder yn 'e loft. Alles is ek de folgjen op Omroplive.nl.

De presintaasje op televyzje is yn hannen fan Geert van Tuinen, Roelof de Vries docht it ferslach en Volendamkeeper Theo Timmermans is de analist. Koos Wieling docht ferslach op de radio.

Op sneintemiddei om 13.00 oere wurdt de wedstriid nochris útstjoerd op televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)