Haven fan Skylge krijt nije, driuwende steiger

11 maaie 2015 - 21:25

Yn de gemeentehaven fan Skylge komt mear romte. By de âlde skipshelling wurdt in driuwende steiger oanlein. Dy giet op en del mei êbe en floed en dat is benammen foar roeiboaten makliker om oan te lizzen.

Oan de nije steiger moatte trije museumboaten, roeisloepen en de wettertaksy oanlizze kinne, sa is de bedoeling. It plak dêr't dy no lizze, komt dan frij foar seis ekstra sjarterskippen.

Trefwurden: 
Skylge haven steger steiger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)