Auto oer de kop op A31 by ôfslach Marsum

11 maaie 2015 - 20:25

Op de A31 fan Harns rjochting Ljouwert by de ôfslach Marsum is moandeitejûn in auto oer de kop slein. Yn de auto siet in man dy't licht ferwûne rekke is.

De man is meinaam nei it plysjeburo foar in blaastest. Ien rydbaan hat ôfsletten west foar ûndersyk.

Trefwurden: 
A31 Marsum auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)