Marsum hat plan foar sinnepark op plak âlde dyk nei Ljouwert

11 maaie 2015 - 20:19

It doarp Marsum hat plannen foar in sinnepanielgreide. De nije Marsumer enerzjykoöperaasje-yn-oprjochting hat dy ambysje, sa hawwe sy it doarp witte litten. De sinnepanielen soene komme kinne op de grûn dy't frijkomt no't der gjin auto's mear oer de âlde dyk Ljouwert-Harns ride.

De Ljouwerter wyk Westeinde kaam al earder mei it plan om oan dyselde âlde dyk sinnepanielen del te setten. As it trochgiet, soene de panielen foar 60 oant 70 prosint fan it enerjyferlet fan Marsum soargje kinne.

De sinnepanielen by Marsum stean der net fuortendaliks. Der binne oare projekten dêr't op koartere termyn winst mei te heljen is, seit Hans Wassenaar fan de Marsumer enerzjykoöperaasje. Yn Marsum giet it om in ynvestearring fan mooglik in miljoen euro.

Trefwurden: 
Marsum sinnepaniel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)